Snits wol iepenloft-Boot

© Omrop Fryslân
Om boargemaster Brok fan Snits mei de bûtendoar-edysje fan Boot_Holland noch wol dit jier yn syn eigen stêd komme. By de iepening fan 'e oerdutsen Boot yn it WTC_Expo yn Ljouwert waard freed bekend dat der ek bûtenbeurs komt. Dy hjit de Wiete Boot.
Standhâlders yn it WTC_Expo meie harren yn in enkête útsprekke oer wannear't de iepenloft-Boot wêze moat. Dat kin dit jier of takom jier wêze. Fan Brok mei it dit jier wol.