Sven oan de lieding by WK

Nei twa ôfstannen giet Sven_Kramer fan Aldskoat oan de lieding by it WK reedriden op It_Hearrenfean. De Fries wûn freed de 5000 meter en koe de skea op de 500 meter beheind hâlde. Kramer kaam oer de streek yn 6.12.97. Dat is in baanrekord. Twadde waard Carl_Verheijen, foar Enrico_Fabris.
Sneon stiet de 1500 meter foar de manlju op it program. Snein is de lêste ôfstân, de 10 kilometer.