Hippe klean foar soarch

09 feb 2007 - 19:09

Nije klean om de soarch oanloklik te hâlden om yn te wurkjen. Dat is it doel fan soarchsintrum Skewiel Trynwâlden yn Oentsjerk. Freed waarden de nije bedriuwsklean presintearre. It ûntwerp is fan Bernia_Azin út Iran. Hy hat him ynspirearje litten troch de unifoamen fan stewards en stewardessen. Ek de kleur is oars. Yn plak fan wyt binne de pakken no útfierd yn twa soarten blau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)