Sven Kramer fyfde op de 500

09 feb 2007 - 18:15
  • Sven Kramer yn aksje

De wrâldkampioenskippen allround binne foar Sven Kramer begûn mei in persoanlik rekord op de 500 meter yn in tiid fan 36,41. Hy waard dêrmei fyfde. Kramer naam it yn de lêste rit op tsjin sprinter Erben Wennemars neidat syn konkurrinten Shani Davis en Enrico Fabris al riden hiene.

Foar Kramer wie de earste start falsk. Dêrnei koe er gjin risiko nimme. Hy waard fyfde en moat op de 5 kilometer 6 sekonden goedmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)