Mear stipe foar swakke skoalle

09 feb 2007 - 17:52

Fryske skoallen mei bern fan leech oplate âlden krije mear learkrachten ta harren beskikking. Dat stiet yn it nije regearakkoart fan CDA, PvdA en ChristenUnie. Deputearre Mulder is der bliid mei dat it nije regear omtinken jout oan de ûnderkant fan it ûnderwiis.

Minder tefreden is Mulder oer de posysje fan it Frysk yn it regearakkoart. Dêryn stiet net dat Frysk opnommen wurdt yn 'e grûnwet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)