CDA-Boalsert wol sportkompleks

09 feb 2007 - 16:13

De fraksje fan it CDA yn de gemeente Boalsert fielt wol wat foar in grut, multyfunksjoneel sportpark yn de stêd. Dêr soene fuotbalfjilden, in swimbad en de takomstige iisbaan by elkoar komme moatte.

It CDA hat yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders frege oft sa'n kompleks mooglik is yn Boalsert. De partij fynt dat der yn alle gefallen gau dúdlikens komme moat oer de iisbaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)