4 miljoen yn earmoedfûns

09 feb 2007 - 11:32

De provinsje stelt yn de perioade oant 2010 fjouwer miljoen euro beskikber foar in spesjaal fûns om earmoed te bestriden. Dêrmei fiert de provinsje in beslút út dat de mearderheid fan de Steatefraksjes ein 2006 nommen hat.

Yn fergelyk mei oare provinsjes wenje yn Fryslân in soad húshâldens mei in leech ynkommen. Dat binne der hast 15 %. De measte lege ynkommens binne te finen by minsken dy't allinnich wenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)