Jild foar toerisme Wûnseradiel
De nije stichting dy't oprjochte is om it toerisme yn Wûnseradiel mear ûnder it omtinken te bringen, kin rekkenje op in liening fan 35.000 euro fan 'e gemeente. It jild is nedich om in webside te meitsjen dêr't fakânsjes yn Wûnseradiel op boekt wurde kinne.
De liening fan 'e gemeente is noch wol in foarstel fan boargemaster en wethâlders .De gemeenteried moat der meikoarten noch in beslút oer nimme.