Toch takomst sporthal Holwert?

09 feb 2007 - 06:43

In mearderheid fan de gemeenterie fan Dongeradiel liket tsjin de sloop fan de sporthal yn Holwert. Dy sloop waard tongersdei bepraat yn in kommisjegearkomste. In grut diel fan de rie fynt de hal te wichtich foar de leefberens yn it doarp.

B. en w. woene de hal slope as besuniging. De gemeente moat alle jierren jild yn de hal stekke om dy draaiende te hâlden. In definityf beslút fan de rie folget noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)