Mear parkearromte by WK

Thialf oan de binnenkant. En bûtendoar is mear parkearromte
Ynwenners fan It_Hearrenfean hawwe dit wykein minder lêst fan parkearde auto's. Mei it WK Allround yn it Thialfstadion wurde twa ekstra parkearterreinen ynrjochte. Dy binne by Berkhof Bussen op It_Hearrenfean en by it Draafsintrum_Wolvegea. De gasten wurde dêrwei mei de bus nei it stadion ta brocht.
De reedriders sliepe yn Hotel_Tjaarda yn Oranjewâld. De middenstân ferwachtet mei-inoar 12.000 gasten.