Warskôging foar truckriders

08 feb 2007 - 15:42

Frachtweinsjauffeurs kinne mar it bêste in parkearplak opsykje as der in soad snie falt. Dat is it advys fan Transport en Logistiek, ôfdieling Fryslân. De sjauffeur kin it bêste sels ynskatte wannear't trochriden net ferantwurde is.

Dochs hat it waaralarm wol sin, fynt de organisaasje. Nei de stoarm fan in pear wike ferlyn kaam der krityk op de transportsektor. Guon autobestjoerders hiene_argewaasje_fan omwaaide trucks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)