Krityk op VIP-tickets foar WK

VIP-kaartsjes Thialf djoer te keap op ynternet
Yllegale kaartferkeap op ynternet foar it WK Allround It_Hearrenfean moat ophâlde. Dat seit direkteur Nieweg fan it Thialfstadion. Nieweg nimt it it reedrydbûn kwea-ôf dat soks bart, wylst de kaarten yn behear binne fan it bûn.
De kaarten dêr't it om giet, binne VIP-kaarten, allinnich foar it reedrydbûn. Nieweg fynt it asosjaal dat der minsken binne dy't dy tickets foar hege prizen ferkeapje.