Aksjegroep Suderseeline bliid

© Omrop Fryslân
It aksjekomitee dat krewearret foar de komst fan de Suderseeline is bliid mei it regearakkoart. It spoar komt der, mar noch úndúdlik is wannear.
Undernimmers, wurkjouwers en fakbûnen binne ridlik tefreden oer it akkoart. Der wurdt sein dat de ôfspraken mei it Noarden neikommen wurde. Aksjekomitee 'Hier trekken we de lijn' wol dat dat sagau mooglik bart. De leden sille de polityk dêroan herinnerje as it te lang duorret.