Soad saken geane net troch

© Omrop Fryslân
Yn ferbân mei it waaralarm gean alle gebouwen fan it Friesland_College tongersdei om 15.30 oere ticht. Kursisten en learlingen kinne earder nei hûs. Minsken dy't jûns les hawwe soene, hawwe frij. De skoalle hat dat besletten nei oerlis mei de iepenbier ferfiersbedriuwen. De skoalle krige ek in soad tillefoan oer de snie fan learlingen en âlders.
De byienkomst oer mantelsoarch yn De Stolp yn Snits fan tongersdei ferfalt.