Fersâlting Lauwersmar ôfkard

© Omrop Fryslân
De mearderheid yn Provinsjale Steaten is tsjin it talitten fan sâlt wetter yn 'e Lauwersmar. Dat is woansdei bekend wurden op de kommisjegearkomste fan 'e Steaten. Deputearre Steaten seine ferline wike noch tsjin it plan te wêzen. De deputearren wiene dêrby wol ferdield. It talitten fan sâlt wetter yn it Lauwersmargebiet moat 200 miljoen euro kostje. Guon fine dat te djoer, ek al soe it Ryk dat jild opbringe moatte.