Bob de Vries wint yn Hoorn

Bob de Vries (foto Martin de Jong)
Maratonreedrider Bob_de_Vries fan De Haule hat foar it earst dit seizoen in oerwinning behelle. Hy waard earder alris twadde en tredde, mar yn Hoorn wie er sneon de bêste.
De_Vries siet yn in kopgroep, doe't er tegearre mei Van_Oosterom fuortried. Letter kaam dêr Bovenmars by. De_Vries pakte dêrnei sa'n tritich meter en kaam foar Bovenmars as earste oer de streek. Syn suster Elma_de_Vries waard twadde by de froulju.