Nij sintrumplan foar Balk

© Omrop Fryslân
Yn Balk wurde de kommende jierren 100 wenten boud. Dat stiet yn it nijste sintrumplan foar it doarp. De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat reagearret posityf op de plannen.
Tsien jier is oer in opknapbeurt praat. Eardere plannen waarden hieltyd ôfkard om't se te djoer en te ambisjeus wiene. Jongereinsoas It_Haske en doarpshûs De_Treemter wurde ek opknapt. De totale ynvestearing is mear as 4,3 miljoen.