Wergeasterfeart útbaggere

07 feb 2007 - 23:41

It útbaggerjen fan de Wergeasterfeart tusken Grou en Wergea begjint dizze moanne. De fargeul wurdt 2.20 meter djip makke. Fierder wurdt de farwei ferbrede en de bochten rommer makke.

It wurk makket diel út fan it Fryske_Marreprojekt. As it klear is, is it trajekt geskikt as Steande_Mêst-rûte. Der komt 90.000 kúb bagger frij by de wurksumheden. In part dêrfan wurdt brûkt om in tal kaden op te heegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)