Hearrenfean klaait EK oan

07 feb 2007 - 23:34

Yn Hearrenfean wurde yn juny allegear aktiviteiten organisearre om it EK fuotbal ûnder de 21 jier hinne. Sa komme der û.o. fuotbaltoernoaien foar skoalbern en handikapten, in fuotbalmaraton, in útstalling yn museum Willem van Haren, in keapsnein, in estafette en strjit- en muzykteater. Ek sille fjirtjin Fryske SKS-skûtsjes Hearrenfean oandwaan.

De organisaasje fan de eveneminten kostet in kwart miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)