Stiennen falle fan huzen

07 feb 2007 - 17:36
  • Hjir is in stien út it mitselwurk nei ûnderen ta fallen
  • It terrein is ôfset, mar de wenten bliuwe bewenber

De gemeente Tytsjerksteradiel hat in diel fan it terrein fan trije appartemintekompleksen yn Burgum ôfset. Fan 'e apparteminten wiene in stik as fjouwer bakstiennen nei ûnderen ta fallen. De bewenners kinne gewoan yn har hûs bliuwe.

Nei alle gedachten binne de apparteminten oan 'e Tuorrebout net goed mitsele. Dat moat no hersteld wurde. De apparteminten binne sawat trije jier ferlyn boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)