Hoekstra wike yn in tonne

De Grykske filosoof Diogenes siet ek in tonne. Dit byld stiet yn Gorinchem.
De taalkundige en filosoof Eric Hoekstra sil ein maart in wike yn in houten tonne libje. Dat docht er by boekhannel Van der Velde oan de Nijstêd yn Ljouwert.
Hoekstra wol sa sjen litte dat in minsk mar in lyts bytsje nedich hat om lokkich te wêzen. Der wurde dy wike ek noch wat aktiviteiten organisearre om de tonne hinne.