Keninginne nei Ljouwert

Kenigin Beatrix sil in besite bringe oan it Natuermuseum
Keninginne Beatrix komt begjin maart nei Fryslân ta. Se is op 8 maart yn it Natuermuseum Fryslân by de start fan it fjirde ynternasjonale poaljier.
It poaljier stimulearret ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk en projekten oer de poalgebieden. Oer de ûndersiken wurde tentoanstellings en lêzings organisearre. By de iepening fan it poaljier is neist de keningin de minister fan Bûtenlânske Saken fan Grienlân oanwezich.