Provinsje: mear kavels ruilje

© Omrop Fryslân
Om de skaalfergrutting yn de lânbou yn goeie banen te lieden, set de provinsje Fryslân foaral yn op it ruiljen fan kavels.
Soks gebeurt no ek al by lânynrjochtingsprojekten. Mar der komme no nije projekten by dy't der foar soargje dat it ruiljen fan grûn noch better giet. Dêr is ferlet fan, sa docht bliken út gearkomsten dy't de provinsje organisearre fan de sektor.