Andriesen optein oer akkoart

© Omrop Fryslân
It nije regearakkoart is goed foar Fryslân, sa seit deputearre Andriesen. Se hat it akkoart op trije punten toetst: ynkommensferskillen, duorsumens en regiostipe. Op alle trije punten geane we derop foarút, neffens Andriesen.
Yn it nije akkoart stiet ek in alternayf foar de Langmanjilden, dy't yn it foarige kabinet sneuvelen. Ek wichtich is dat skoallen earder yn de beneaming komme foar ekstra leararen.