Provinsje wol 'starters' helpe

Deputearre Andriesen ûndersiket de stipe oan starters op de wenningmarkt
De provinsje wol in fûns ynstelle foar starters dy't dreech in betelber hûs fine kinne. Dy soene goedkeap jild byliene kinne moatte. Deputearre Steaten besjocht it ferlet fan in fûns.
Hoe't it fûns foarmjûn wurdt is fierder noch net dúdlik. Deputearre Andriesen tinkt oan in bedrach fan sa'n 30.000 euro dat starters ekstra liene kinne. Yn Limburg hat de provinsje tsien miljoen yn sa'n fûns stutsen.