Diskusje oer Frysk ferslach

© Omrop Fryslân
In mearderheid yn de gemeenteried fan Smellingerlân wol dat it boargerjierferslach fan de gemeente tenei ek yn it Frysk útjûn wurdt. De FNP yn de ried hat dêrfoar in moasje yntsjinne.
It gemeentebestjoer fielt net folle foar in dûbeltalich boargerjierferslach. De kosten dêrfoar binne sa'n achttûzen euro. Yn maart wurdt yn de ried op 'e nij praat oer de kwestje.