Man oanholden foar brannen

In 20-jierrige ynwenner fan Sondel is tiisdei oanhâlden foar brânstifting by twa pleatsen yn Wikel en Sondel, heal desimber. De plysje ûndersiket noch of de man ek belutsen wie by tsien oare brannen yn de omkriten.
It idee bestiet dat alle brannen troch deselde dieder oanstutsen binne, troch de wurkwize. De fertochte sit noch fêst, mar hat noch net bekend. Hy hat nei de brân noch wurke op de pleats fan ien fan syn slachtoffers.