Wethâlder ûniens mei krityk

06 feb 2007 - 22:34

De gemeente Ljouwert set him krekt wol yn om wurkleaze jongeren oan it wurk te krijen. Foarsitter De Bruin fan de Taskforce Jeugdwerkloosheid seit yn in brief oan de gemeente dat Ljouwert syn ambysjes net wier makket en de jongeren net genôch helpt.

Wethâlder Florijn is it dêr net mei iens. Der binne mear manieren om de jongeren oan wurk te helpen. It giet derom dát Ljouwert dat docht, en net hóe't Ljouwert dat docht, seit Florijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)