Aris wint nei 9 nederlagen

06 feb 2007 - 22:25

De basketballers fan Aris ha nei njoggen nederlagen op rige in oerwinning pakt. Tsjin Bergen op Zoom waard mei 71-67 wûn.

Nei de earste helte hie Aris in 38-31 foarsprong. Yn it tredde kwart kaam Bergen op Zoom mei ien punt foar, mar nei in spannende einfase wie de oerwinning binnen. Gary Ware wie mei achttjin punten topskorer. Aris is no teagearre mei Leiden dield njoggende mei achttjin punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)