Minder tomkes troch winterwaar

22 mrt 2012 - 20:57

It tal tomkes (winterkeninkjes) is de lêste jierren yn Fryslân, mar ek yn de rest fan it lân, flink werom rûn. Dat docht bliken út it nijste briedfûgelrapport fan SOVON Fûgelûndersyk. Neist tomkes hawwe ek reagersoarten it dreech.

As reden foar de grutte stjerte wurde de strange winters fan de ôfrûne jierren neamd. Dêrtroch kinne de fûgels net genôch fretten fine en geane dea fan de honger. It tal tomkes yn Nederlân leit wer gelyk oan it oantal yn 1984.

Trefwurden: 
winter tomkes SOVON
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)