Gaswinning Moddergat begûn

Nei jierren fan diskusje wurdt lang om let gas wûn út de Waadsee. De NAM, de Nederlandse_Aardolie_Maatschappij, is dêr dizze wike mei út_ein_set by Moddergat. Der kin foar in perioade fan 20 jier gas wûn wurde. Yn totaal giet it dan om 20 miljard kúb.
Op 'e lokaasje stiet in mobile produksje-ynstallaasje yn ferbining mei Eanjum troch in piiplieding. Dêr wurdt it gas fierder behannele en trochpompt nei it lanlike gasnetwurk.