Ambulânse fljocht yn 'e brân

06 feb 2007 - 12:26

Op de Noardkade yn Drachten is tiisdei in ambulânse yn de brân flein. De brân ûntstie spontaan yn it foarste part fan de wein. De auto is útbaarnd. Buertbewenners hawwe holpen it fjoer út te meitsjen. De brânwacht hat it wurk ôfmakke. Dêrby soarge de ekstra soerstof yn de ambulânse foar in gefaarlike situaasje.

De sike-auto kaam krekt werom fan de garaazje. Dêr wiene fjouwer bannen ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)