ABN krijt Baarsma yn hannen

© Omrop Fryslân
De Friesland_Bank en ING-bank ha har belang yn wynhannel Baarsma ferkocht oan ABN. Omdat ek in tal partikulieren de oandielen yn de wynhannel ferkocht hat oan de ABN, krijt dy bank in mearderheidsbelang fan 50 oant 60 prosint yn hannen. De oare oandielen bliuwe yn hannen fan it management.
Wynhannel Baarsma is in ynternasjonaal operearjend bedriuw mei haadfêstiging op 'e Gordyk. It bedriuw ferwachtet in omset fan 175 miljoen.