Soad hantekens tsjin skoalle

Tsjinstanners fan de komst fan in 24-oersskoalle yn Harich hawwe op in ynformaasjejûn yn Balk 2000 hantekens oanbean oan it gemeentebestjoer fan Gaasterlân-Sleat.
De groep is tsjin de komst fan de skoalle op it terrein fan de eardere gersdroegerij. It CVO-Fryslân wol dêr jongeren opfange dy't earder in falske start makke hawwe. 96 bern moatte dêr in plak krije. Takom wike nimt de ried in definityf beslút oer de plannen.