Boek oer Fryske polityk

Eelke Lok oerlanget Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels it boek.
Yn Ljouwert is moandei it earste eksimplaar fan it boek oer Fryske polityk oanbean oan kommissaris Nijpels. It boek is skreaun troch sjoernalist by Omrop Fryslân Eelke_Lok. It jout in byld fan de polityk troch de jierren hinne.
Utjouwer Steven_Sterk hie frege it boek te skriuwen om't der neffens him kwalik mear omtinken is foar Fryske polityk. Lok hopet dat mei it boek de polityk wat ynsichtliker wurdt.