Duatlon Aldemardum hâldt op

© Omrop Fryslân
De duatlon fan Aldemardum hâldt op. De organisaasje fan it rin- en fytsbarren kin it finansjeel net langer opbringe. Dat komt troch de nije regels fan it Nederlânsk_Triatlonbûn. Dat fynt dat der in profesjonele sjuery komme moat en dat kostet tefolle. Ek net-leden soenen mear betelje moatte. Dat komt mei elkoar del op 1500 euro ekstra.
It beslút foel swier, ek om't de duatlon dit jier tweintich jier bestean soe.