Supporters hâlde Cambuurreuny

05 feb 2007 - 13:45

In groep Cambuursupporters wol op 2 juny in reuny hâlde foar âld-spilers en âld-trainers fan Cambuur. De organisaasje mikt op belutsenen út 'e perioade fan 1964, it jier dat Cambuur oprjochte is, oant en mei no.

Op de dei sels sil ûnder oare in wedstriid fan âld-Cambuur tsjin âld-Cambuur komme. En der is iepen hûs mei ûnder oare in film oer de skiednis fan de club. De hiele reuny sil yn it Cambuurstadion wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)