Minder oerlêst sântransporten

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat hat de planning foar sântransporten foar it ferdûbeljen fan de N31 oanpast. Earst soe oant heal febrewaris mei sân riden wurde. Dat is no beheind ta dizze wike. Dat is dien om de oerlêst foar it ferkear op de dyk en foar de ynwenners fan Harns te beheinen. Neist transporten mei sân wurdt der begroeiïng fuorthelle.
De eastlike baan fan de N31 tusken Harns en Surch moat ein 2007 ôf wêze. Dêrnei wurdt de westkant opknapt.