Blauwe Golf wer legionellafrij

de groepsdouche yn De Blauwe Golf kin wer brûkt wurde
Swimbad De_Blauwe_Golf yn Ljouwert is wer legionellafrij. It swimbad hat de d­ûsynstallaasje oanpast om foar_te_kommen dat de legionella-baktearje wer yn it wetter komt.
Op 25 jannewaris waard de groepsdûs ôfsletten fanwege legionella. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat de baktearje net mear yn it wetter sit. Neffens de GGD is gjinien siik wurden troch de baktearje, foardat dy ûntdutsen waard.