Debat oer nij regearakkoart

Jacques Tichelaar hat meitocht oer it nije regearakkoart
De earste Noardlike debatjûn oer it nije regearakkoart is freed yn Ljouwert. It is in inisjatyf fan de PvdA yn Ljouwert. Jacques_Tichelaar is útnoege. Hy is belutsen by it opstellen fan it akkoart.
Listlûker Anita_Andriesen fan de PvdA-Steatefraksje komt ek oan it wurd. Sy sjocht nei de útkomsten fan it regearakkoart foar Fryslân. It nije regearakkoart wurdt tongersdei foarlein oan de Twadde_Keamer.