'Selde regels OV op eilannen'

Regels foar iepenbier ferfier moatte op eilannen deselde wêze, fynt ROCOV
It iepenbier ferfier op de Waadeilannen moat oan deselde regels foldwaan as op fêste wal. Dat seit reizgersferiening ROCOV yn reaksje op it programma fan easken foar de nije oanbesteging op de Waadeilannen.
It konsuminteplatfoarm fynt dat it iepenbier ferfier te folle op toeristen rjochte is. Dêrtroch kinne eilanners har mar min oer it eilân ferpleatse mei it iepenbier ferfier.