Ynbraken Ljouwert en Jobbegea
By in accountantskantoar oan de Balthasar Bekkewei yn Ljouwert is sneontejûn ynbrutsen. Der is in kompjûter meinommen. De ynbrekkers koene binnen komme troch in rút yn te slaan.
Ek yn in wente yn de Bramenstrjitte yn Jobbegea is ynbrutsen. Dêr namen de dieven in laptop, in gameboy en kompjûterspultsjes mei.