Play-offs fier fuort foar Aris

Aris-trener André Roorda
Basketbalklub Aris hat hieltyd minder kâns op it heljen fan de play-offs. Sneontejûn ferlearen de Ljouwerters mei 97-93 fan Upstairs_Weert. It wie de njoggende nederlaach op rige. Boppedat wurdt it gat mei de nûmer acht hieltyd grutter.
Aris wie net minder as Weert. Yn it tredde kwart hiene se in foarsprong fan njoggen punten. Yn de spannende einfaze wie Weert krekt wat tûker.