Lichem fermiste man fûn

© Omrop Fryslân
De plysje hat op de Iselmar bij Warkum tongersdei it lichem burgen fan in man (47) út Zevenbergen, dy't sûnt ein febrewaris fermist waard. De man wie mei in man fan Teksel oan board fan in wurkskip, dat troch ûnbekende oarsaak yn de problemen kaam en sonk. By in sykaksje waard de oare deis it lichem fan de man fan Teksel fûn.
It oare slachtoffer bleau oant tongersdei spoarleas. Opfarrenden fan in skip seagen doe it lichem driuwen en warskôgen de plysje.