Kânsen yn duorsume enerzjy
It nije kabinet sil alle jierren twa miljard euro útlûke foar it ynsetten fan allerhande foarmen fan duorsume enerzjy. Dat nijs oer it nije kabinetsakkoart brocht PvdA-keamerlid Diederik Samsom sneon.
De trije noardlike PvdA-steatefraksjes wiene yn Ljouwert byinoar om te diskusjearjen oer duorsume enerzjy. It brûken dêrfan moat wurk opsmite foar it Noarden fan it lân. Om dat te berikken moat der in aksjeplan komme.