ONS wint Fryske derby

03 feb 2007 - 16:42

ONS út Snits hat sneon de Fryske derby yn de haadklasse tsjin Harkemase_Boys wûn mei 1-0. Albert_Jan_van_Zwol makke de winnende treffer, al yn de alfde minút. De winst foar ONS wie terjochte, Harkemase_Boys wie oanfallend ûnmachtich yn in fierder saaie wedstriid.

Nei de wedstriid makke ONS-spits Ton Haarman bekend dat hy syn karriêre nei dit seizoen ferfolget by haadklasser Flevo_Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)