Betinkflinter foar deaden

03 feb 2007 - 15:06

Stienhouwer Molenmaker fan Snits hat in nij idee ûntwikkele. It giet om lytse grêfmonuminten yn de foarm fan in flinter. Se kinne bygelyks op in struifjild of yn in berm pleatst wurde nei in ferkearsûngefal. Neibesteanden kinne fia in webside har eigen flinter útsykje en de tekst ûntwerpe.

Ferkearsslachtoffers wurde faak betocht mei bearkes en blommen. Troch it waar bliuwe dy net lang goed. In betinkflinter is dan in útkomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)