Botsing yn Hilaard

De ravaazje nei it ûngelok (foto JRF/Jaring Rispens)
Twa minsken binne freed ferwûne rekke by in oanriding op de Hoptille yn Hilaard. De bestjoerders fan in bestelauto en in gewoane auto botsten op inoar. De bestelwein kantele op de sydkant. De brânwacht moast de bestjoerder, in man fan 66 út Ljouwert, út de auto helje.
De autobestjoerder (22) is mei klachten oan de nekke nei it sikehûs fan Snits brocht. Beide auto's binne mei in soad skea fuortsleept.