De Vries en Borst twadde op NK

03 feb 2007 - 12:44

Reedrydster Elma_de_Vries fan De Haule is twadde wurden by it iepen NK maraton op de Weissensee yn Eastenryk. Kampioen waard Daniëlle Bekkering. Sy kaam nei sechtich kilometer it sterkste út de sprint. Tred waard Linda Verdouw en Maria_Sterk fan Hallum waard fjirde.

By it kampioenskip foar manlju waard Ruud_Borst fan Sint Nyk twadde, achter Casper Helling. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)