Cambuur wint fan Emmen

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Emmen mei 1-0 wûn. De goal foel yn de 71e minút en kaam op namme fan Chris de Wagt. It wie foar it earst sûn 2001 dat Cambuur yn Emmen wist te winnen.
De ploech fan Roy Wesseling joech achteryn gjin kâns wei en yn de slotfase hie benammen Jeroen Ketting de 2-0 op de skoech. Cambuur hat de earste twa wedstriden fan de fyfde perioade wûn.